Tsjûgen socht fan pizzarôf

© Omrop Fryslân
In pizzabesoarger (16) út Ljouwert is freedtejûn op de Smidsbuert yn de haadstêd berôve fan syn opbringst en fan in oantal pizza's. De besoarger hie de opdracht krigen om in tal pizza's te bringen op de Smidsbuert. Mar op it plak oankaam, waard de pizzabesoarger bedrige mei in mes. De beide fertochten binne sa'n 18 jier âld en praten net goed Nederlânsk.
De plysje is op syk nei minsken dy't mooglik wat sjoen ha. Dy kinne belje mei telefoannûmer 0900-8844.