Van der Zwan lilk op doarpen

02 jan 2009 - 21:34

Doarpen yn Achtkarspelen dy't mei âld en nij neat organisearre ha foar har jongerein wurde mooglik oanpakt troch de gemeente. Boargemaster Van der Zwan sei dat freedtejûn op de nijjiersresepsje. Neffens him waard allinnich yn de doarpen dêr't neat te belibjen wie in soad fernield. It giet om in stik as trije doarpen. Om hokker doarpen it giet wol er net sizze.

Van der Zwan wol mei dy doarpsbelangen om tafel om te praten oer oplossings foar takom jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)