Gaslek yn Harns

02 jan 2009 - 19:34
  • Gaslek yn Harns (foto: Nick den Boer)

De Kanaalstrjitte yn Harns hat freedtemiddei ticht west troch in gaslek. Ek de ôfslach Harns-sintrum op de N31 wie ôfsletten. Ferskate minsken warskôgen de brânwacht nei it rûken fan in gaslucht. Nei mjittings waard dúdlik dat it lek yn in piip siet ûnder de fluorring.

De brânwacht en Essent ha it lek oan de ein fan de middei tichtmakke. Húshâldens yn de buert ha gjin lêst hân fan de lekkaazje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)