Tradysjes werom yn Appelskea

hoarnblaze yn Appelskea
It Nederlands Centrum voor Volkscultuur hat 2009 útroppen ta it jier fan de tradysjes. Appelskea wol dêrom âlde tradysjes yn eare herstelle en sa waard freed blaasd op Midwinterhoarns. Mar leafst 35 tradysjes wurde nij libben ynblaasd.
Tiisdei wurdt mei Trije Keniningen mei lampionnen rûn en mei Palmpeaske wurde der âlderwetske bôle-hoantsjes bakt. De organisaasje hopet dat in tal fan de tradysjes bestean bliuwe sille.