CJIB dielt minder boetes út

CJIB dielt minder boetes út
Der binne ferline jier hast in miljoen boetes minder útdield as it jier dêrfoar. Dat docht bliken út sifers fan it CJIB, it Centraal Justitieel Incasso Bureau yn Ljouwert. Dat buro ferstjoerde yn 2008 goed 11,6 miljoen boetes. Yn 2007 wiene dat 12,6 miljoen.
It CJIB hat gjin ferklearring foar it legere oantal bonnen. It tal boetes yn 2007 wie in rekord.