Cambuurt hiert Chery

02 jan 2009 - 12:15

Cambuur hiert foar de rest fan dit seizoen Tjaronn_Chery fan FC_Twente. De middenfjilder kin ek as linksback spylje. Chery (20) sil by Cambuur ûnderfining opdwaan. Pieter_Collen traint fan nije wike ôf ek mei by Cambuur. De ferdigener (28) is transferfrij. Hy hat syn kontrakt by it Belgyske Sint_Truiden ôfkocht.

Foar Cambuurspiler Rachid_el_Khalifi bestiet bûtenlânske belangstelling. As er fuortgiet, wol Cambuur Patrick_Gerritsen fan FC_Twente oanlûke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)