Wol of net ride op natueriis

KNSB wol dat iis 12 sintimeter dik is
Freedtemiddei beslute iisferienings en gewestlike koördinatoaren fan de KNSB oft it dit wykein mooglik is om toertochten op natueriis te riden. Oant 14.00 oere kin in tocht oanmeld wurde. It iis moat op syn minst 12 sintimeter wêze oer it hiele trajekt, sa seit in wurdfierder fan it reedridersbûn.
De koördinatoaren nimme it beslút. Se kontrolearje oft it feilich genôch is om te riden. Yn 2002 binne foar it lêst toertochten op natueriis hâlden.