Toertocht Surch giet net troch

© Omrop Fryslân
De toertocht fan iisferiening Surch giet net troch. Dat hat it bestjoer fan de iisferiening freedtemoarn besletten. De iisferiening hie in tocht útskreaun foar sneon, mar no docht bliken dat it iis net fertroud is.
De tocht soe hâlden wurde op de kop fan de Iselmar. Yn de nacht fan tongersdei op freed hat it bot teid en op guon plakken is it iis mear as 3 sintimeter tinner wurden.