Kolleezje rêdt fjoerwurk op

02 jan 2009 - 09:50

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Skiermûntseach hat nijjersdei sels de fjoerwurkresten opromme. De bûtentsjinst fan de gemeente wie foar in part siik en oaren wiene mei fakânsje.

Mei blêdblazers waard al it fjoerwurk by elkoar brocht, wêrnei't it kolleezje it op in grutte karre smiet. De bestjoerders lutsen aardich wat folk doe't se oan it wurk wiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)