Earlike blommen fan Jilderda

© Omrop Fryslân
Jilderda's blommegruthannel út Damwâld is de earste blommehannel yn Nederlân dy't in Fairtrade-sertifisearring krijt. Dat hâldt yn dat it bedriuw earlik hannel docht. Jilderda ymportearret blommen út Zimbabwe en de minsken dy't dêr wurkje, wurde goed behannele. Sa krije in earlike priis. Fierder binne der gjin bern oan it wurk en is der genôch medyske soarch.
Nije wike tongersdei is de offisjele sertifisearring op de blommefeiling fan Eelde.