Aksje foar iepen brêge

Ludike aksje by de brêge
It Polderhoofdkanaal moat wer iepen. Dat fine ferskate ynwenners fan De Feanhoop. Se fierden nijjiersdei aksje. De fêste brêge yn it doarp waard sa fersierd, dat it like dat it in brêge is dy´t iepen kin. Der binne slachbomen by de brêge makke en yn it kanaal binne in soad seilen te sjen.
By de ludike aksje wiene ferskate minsken dy´t op de âlderwetske manier mei it klompke jild ophellen. Nije wike praat de gemeenteried fan Smellingerlân oer de kwestje.