Man rydt yn op minsken

01 jan 2009 - 17:17

In autobestjoerder is Nijjiersdei op de Eyssemawei yn De_Westereen ynriden op in groepke minsken. De groep hie opmerkingen makke oer de oerlêst dy´t se hiene fan it swiere fjoerwurk dat ôfstutsen waard. De autobestjoerder fûn dat net leuk en begûn yn te riden op it groepke.

De man is útnaaid. De plysje wit lykwols wa´t it is en sil ynkoarten by de man op besite.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)