"Plysje hat te hurd yngrepen"

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Blije fine dat de plysje Aldjiersnacht fierstente hurd yngrepen hat. Achttjin minsken waarden oppakt, om't se foarkomme woene dat de brânwacht in freugdefjoer útmeitsje soe. De brânwacht waard ek mei fjoerwurk bekûgele. De ME grypte yn.
Neffens ynwenners foel it allegear wol ta. Der wurdt alle jierren in freugdefjoer oanstutsen midden yn it doarp. Dat it no út de hân rûn, komt mei troch it optreden fan de plysje sels, sizze minsken út Blije.