Wytgaard wol in eigen haven

01 jan 2009 - 15:51
  • De doarpsbewenners hawwe alfêst de skeppe yn de grûn setten...
  • ...en dat wie net makkelik yn de befêrzen grûn

Wytgaard wol wer in eigen haven ha. Derfoar soe der in nije wetterferbining oanlein wurde moatte tusken de Swette en it doarp. Kosten fan it projekt wurde rûsd op goed 1 miljoen euro. Om dat jild by elkoar te krijen wol doarpsbelang om tafel mei de gemeente. Op nijjiersdei hat it doarp sels alfêst de earste skeppe yn de grûn setten. Mei man en macht hawwe se besocht alfêst in stikje fan it wetter út te graven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)