Boargemaster lulk oer Blije

Blije op Nijjiersdei
Boargemaster Van_den_Berg fan Ferwerderadiel hat gjin goed wurd oer foar de minsken dy´t yn de Aldjiersnacht foar reboelje soargen yn Blije en Burdaard. Der waarden yn Blije 18 minsken oanhâlden, omdat se it de helptsjinsten ûnmooglik makken har wurk te dwaan.
Van_den_Berg freget him ôf wêrom´t de âlders fan de dieders net better om har bern tinke. Boppedat feroardielet er it drankgebrûk fan de jongerein yn syn gemeente.