Makkum: reedrider troch it iis

01 jan 2009 - 11:11

By Makkum is Aldjiersdei in man troch it iis op de Iselmar sakke. In foarbygonger hearde helpgerop. Hoewol't it al tsjuster wie, seach er dochs ien. De man skeakele de helptsjinsten yn.

Twa dûkteams en de brânwacht fan Makkum, de plysje en de ambulânse waarden warskôge. Meiïnoar hawwe se it slachtoffer rêden. De man is swier ûnderkuolle nei it sikehûs fan Snits brocht. Hy hie mear as tweintich minuten yn it wetter lein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)