Nijjiersdûk Ljouwert ferbean

01 jan 2009 - 10:45

De nijiiersdûk yn de Noordersingel yn Ljouwert giet Nijiersmiddei net troch. De organisaasje hat fan de gemeente te hearren krigen dat it net ferantwurde is. Neffens de GGD is it wetter te kâld en binne der te min foarsjennings om de minsken waarm te hâlden.

Oare dûken, lykas yn Boerum, Drachten en Boalsert geane wol gewoan troch, al moat dêrfoar wol iis fuorthelle wurde. Yn Langwar is in spesjaal swimbad makke, ynstee fan it normale dûkplak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)