Soad ynsidinten jierwiksel

De ME yn aksje
De helptsjinsten melde dat se har hannen fol hân ha mei in grut tal ynsidinten yn de Aldjiersnacht. De meldkeamer krige 277 meldingen fan fernielings en brannen. Mei-elkoar binne 52 minsken oanhâlden. It gie foaral om minsken dy't tefolle dronken hiene.
De helptsjinsten hiene in soad minsken oan it wurk. Der wiene 300 plysjes op in paad, de brânwacht hie 200 minsken oan it wurk en de ambulânsetsjinst hie 40 meiwurkers oproppen.