Sykaksje fermiste reedrider

01 jan 2009 - 09:38

De plysje besjocht fannemoarn wat noch dien wurde kin om de fermiste reedrider Flip_Koekkoek fan Woerden werom te finen. Sûnt tiisdei wurdt by de Ryptsjerksterpolder socht nei de man. Hy gie út te riden mar is net werom kaam.

De plysje hat Aldjiersdei flyers útdield op de polder. Ek hat de ME it gebiet ôfsocht en is der earder ek al mei in helikopter socht. Doe waard allinnich de auto fan Koekkoek werom fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)