Sjarzje ME yn Burdaard

De ME moast yn aksje komme yn Burdaard
De ME hat âldjiersnacht in sjarzje útfierd yn Burdaard. De plysje moast yngripe omt omstanners it de brânwacht ûnmooglik makken in brantsje út te meitsjen. De plysje gong mei de wapenstok en plysjehûn ôf op in groep fan sa'n 40 minsken. Dêrnei makke de brânwacht it fjoer út.
Foar safier bekend binne der yn Burdaard gjin minsken oanhâlden. De ME hat letter ek yn Blije aktyf west. Dêr binne wol minsken oanhâlden.