Brûnzen bylden stellen
Ut in hûs oan de Sânwei yn Menaam binne tiisdeitenacht twa brûnzen bylden stellen. It giet om bylden fan hazzehûnen. De dieder koe it hûs ynkomme troch in doar iepen te brekken.
In bewenner fan in hûs oan de Osingastate yn Ljouwert mist sûnt tiisdeitenacht in digitale kamera en in dvd-rekorder. De dief koe deryn komme troch in rút iepen te brekken.