Provinsje stelt farferbod yn

31 des 2008 - 13:54

Fanwege it iis jildt der sûnt woansdei in farferbod foar de measte farwegen yn Fryslân. Dat hat de provinsje bekend makke. Allinne foar it Prinses Margrietkanaal, de Houkesleat, it Van Harinxmakanaal en de farwei nei Drachten is in útsûndering makke. Dêr mei noch wol fearn wurde.

Mooglik wurdt sneon ek in farferbod ynsteld foar it Van Harinxmakanaal en de farwei nei Drachten. Dêr wurdt noch oer praat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)