Edelhert Skylge plat op iis

Ien fan de edelherten dy't yllegaal nei Skylge brocht is, hat woansdei benaude mominten op it iis belibbe. It wyfke wie op it dúnmarke by Hee bedarre en wie der plat op fallen.
It slagge it bist earst net om oerein te kommen. Der waard in rêdingsoperaasje yn gong set, mar foardat dy loskoe, kaam it edelhert dochs op eigen krêft oerein. Dêrnei slagge it it bist om wer fan it iis ôf te kommen. It is dêrnei yn de bosk ferdwûn.