Skea troch brân yn hûs

31 des 2008 - 11:44

By in hûs oan de De Friso yn Drachten is tiisdeitenacht flinke skea ûntstien troch in brân. Dy begûn yn in elektryske tekken. Hoewol't de brânwacht der gau by wie, koe dy net foarkomme dat de boppeferdjipping flink fernield rekke.

De twa bewenners binne troch ambulânsepersoaniel ûndersocht, omdat se flink wat reek binnen krigen hiene. Se binne yntusken op in oar plak yn Drachten opfongen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)