Piraten helje 6500 euro op

31 des 2008 - 09:24

Yn Tsjom is mei de krystdagen goed 6500 euro ophelle foar in goed doel. It saneamde krystteam hat 24 oeren lang in radio-útstjoering makke om jild op te heljen foar de stifting Rusland Kinderhulp út Stiens. De útstjoering wie yllegaal en waard nei tweintich oeren stillein. Mar mei help fan Radio Middelsé waarden de lêste oeren folmakke.

It krystteam wil takom jier besykje de aksje legaal te meitsjen troch gear te wurkjen mei in lokale omrop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)