Plysje siket om fermiste man

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdeitejûn lang socht nei in man (58) út Woerden dy't sûnt tiisdeimiddei fermist wurdt by de Ryptsjerksterpolder. De man wie kaam om te reedriden, mar hat sûnt doe gjin kontakt mear hân mei syn famylje. Doe't er oan it ein fan de middei noch neat fan him fernaam wie, is de plysje ynskeakele. Dy hat ûnder oaren in helikopter ynsetten om de man werom te finen. Dat hat oant no ta neat opsmiten. Wol waard de auto fan de man weromfûn.