Wim Stroetinga: 4 kear goud

Wim Stroetinga: allegear GOUD
Wim Stroetinga hat yn Apeldoorn syn fjirde gouden medalje op de Nederlânske baankampioenskippen helle. Tiisdei wie er mei Peter Schep yn de koppelkoers de sterkste.
De hurdfytser fan Aldeberkeap wie earder al de bêste op de puntekoers, op de yndividuele achterfolging en op it ûnderdiel scratch. Op 2 jannewaris begjnt Wim Stroetinga mei Olaf Pollack oan de seisdaachse fan Rotterdam. Mids jannewaris rydt hy yn de Pro-Tour yn Austraalje de Tour Down Under.