Protte reedriders ferwûne

30 des 2008 - 17:15

Mear as 55 reedriders binne allinne tiisdei al ferwûne rekke op it iis. It gie foaral om minsken mei de earm of de pols stikken.

It drokste wie it yn it Antonius sikehûs, dêr waarden tweintich minsken behannele. Yn Nij Smellinghe yn Drachten lei de gong fol mei pasjinten. By de Tjongerschans op It Hearrenfean waard ien persoan brocht dy't der frij slim oan ta wie. De sikehûzen hâlde rekken mei mear drokte, se sette ekstra minsken yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)