Drok mei lotteferkeap yn Snits

30 des 2008 - 12:47
  • De winkel fan Hettinga

Der is in run op steatslotten fan sigarewinkel Sikma yn Snits. De winkel ferkocht yn jannewaris it winnende lot mei in jackpot fan goed 12 miljoen euro. It gefolch is dat guon minsken no tinke dat se dêr no ek it winnende lot fan dit jier, mei kâns op twa kear 25 miljoen euro keapje kinne.

De lotten binne fierhinne útferkocht. Mar Hettinga hat ekstra útdraaid. Minsken dy't noch in gokje weagje wolle, moatte dus aveseare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)