Nij gebiet foar Fryske Gea

It bûtendyks lân
It Fryske Gea krijt der 185 bunder natuer by. It giet om bûtendyks lân yn de Bildtpollen. De oankeap kostet it Gea 2,3 miljoen euro en komt nei alle gedachten yn febrewaris rûn. It is de grutste oankeap fan it Fryske Gea yn de ôfrûne fiif jier.
De Bildtpollen stiene op de nominaasje om ferkweldere te wurden. Dêr is in jier mei wachte, omdat dizze oankeap earst rûn wêze moast. No kin it gebiet as ien gehiel oanpakt wurde.