Dirk Fabriek twadde yn Exloo

30 des 2008 - 11:55

Dirk Fabriek fan Jobbegea is moandeitejûn by it binnendoar speedwaygala yn Exloo twadde wurden. Foar sa'n 1200 taskôgers op de lytse spektakulêre 200 meter baan einige de koereur achter de Dútser Sönke Petersen. Dy wûn beide A-finales. Fabriek waard in kear twadde en in kear tredde.

Yn de searjes hie de regearend Nederlânsk kampioen genôch oan in oerwinning en trije twadde plakken om by de bêste fjouwer te einigjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)