Drokte troch iisslachtoffers

30 des 2008 - 11:42
  • IIsslachtoffers nei sikehûs

Sikehûzen ha it drok mei minsken dy't ûngelokken hân ha op it iis. It MCL yn Ljouwert hat sûnt sneon tweintich slachtoffers behannele. De measten hiene ankels brutsen of kniesd. It Antoniussikehûs yn Snits hat fyftjin minsken behannele oan ankels of polsen. Ek de Sionsberg yn Dokkum krige reedrydslachtoffers binnen.

By de sikehûzen op It Hearrenfean en yn Drachten binne noch gjin minsken behannele. Foar hjoed en moarn wurdt der wol rekken mei hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)