Grutte drokte by redensfabryk

30 des 2008 - 11:34

It fabryk fan Zandstra op 'e Jouwer kin de fraach nei redens op it stuit kwalik oan. Winkellju binne sa gau troch har foarried redens hinne dat se hast alle dagen nei it fabryk ta moatte om nijen op te heljen.

De grutte fraach komt fansels troch de oanhâldende froast. In soad minsken wolle wer fiele hoe't it is om op natueriis te riden. Neffens de waarberjochten hâldt de froast oan, mar komt de temperatuer op Nijjiersdei eefkes boppe nul.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)