Oanriding: man ferwûne
By in oanriding op de A32 by It Hearrenfean is moandeitejûn in 43-jierrige man út Reeuwijk ferwûne rekke. De bestjoerder seach te let dat der in frachtwein foar him ried en botste der achterop. Hy kaam op de flechtstrook ta stilstân.
It slachtoffer hie ferwûnings oan 'e rêch en nekke. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.