Minsken troch it iis sakke

30 des 2008 - 09:54

Op ferskate plakken yn Fryslân binne moandei minsken troch it iis sakke. By de Griene Stjer yn Ljouwert moast in heit syn soan út it wetter helje. It bern woe syn hûn rêde, dy't ek troch it iis sakke wie. Heit en soan moasten nei it sikehûs. Yn Dokkum is in man troch it iis sakke doe't er in wek iepenhâlde woe foar in keppel swannen. Ambulânsepersoniel hat him holpen.

By de seedyk by Westhoek hat de brânwacht in man rêden dy't dêr troch it iis sakke wie. Hy wie ûnderkuolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)