Wim Stroetinga: tredde titel

29 des 2008 - 20:34

Wim Stroetinga hat moandei syn tredde Nederlânske titel op de nije hurdfytsbaan fan Apeldoorn binnenhelle. Op it ûnderdiel scratch wie hy yn de einsprint syn konkurrinten Raymond Kreder (sulver) en Tim Veldt (brûns) te fluch ôf.

Earder op 'e dei wie de ynwenner fan Aldeberkeap ek al de bêste op de yndividuele achterfolging. Snein wie Wim Stroetinga al kampioen wurden op de puntekoers. Yn it nije jier rydt er yn de profploech fan Milram.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)