Jier readbûnt fee ôfsletten

© Omrop Fryslân
De stifting Roodbont Fries Vee hat neist in soad omtinken in tige wichtich fokplan oerhâlden oan wat no offisjeel it Jaar van het Roodbonte Vee west hat. It readbûnt fee hat ea it dominante ras west yn hiel Fryslân, mar dat is al in skofke net mear sa.
In relatyf lytse groep minsken besiket no it ras yn stân te hâlden en dan is alle publisiteit en omtinken rûnom sa'n jier fan it readbûnt fee hiel wolkom.