Lilk oer ynternetapoteek

29 des 2008 - 16:28

Fryske apotekers binne fernuvere oer de agressive kampanje fan in nije ynternetapotheek ûnder Fryske klanten. Thuisapotheek.nl bellet minsken thús op en besiket harren dan oer te heljen ôfskie te nimmen fan 'e eigen apoteek. Dêroer binne in protte klachten binnenkommen by de reguliere apoteken.

Boppedat meitsje de apotekers harren soargen oer minsken dy't wol oerstappe. De nije ynternetapotheek wit ommers net hokker medisinen de klanten fierders krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)