Kontrôle by fjoerwurkferkeap

29 des 2008 - 15:51

De fjoerwurkferkeappunten yn Ljouwert hawwe de saken goed foar elkoar. Dat docht bliken by in kontrôle troch de gemeente op sân ferkeappunten. Der wiene wol in pear punten fan omtinken. Yn guon bunkers wie it spul sa heech opsteapele dat de sprinklerynstallaasje by kalamiteiten syn wurk net goed dwaan koe.

De ynspekteurs kamen ek fjoerwurk tsjin dat yn stikkene doazen siet. Yn dy gefallen moast de waar daliks útpakt en ferkocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)