Ferwûne nei fal fan skuorredak

29 des 2008 - 15:37

In 22-jierrige man út Snits is moandei ferwûne rekke nei't er fan it dak fan in pleats fallen wie. Hy wie oan it wurk op it dak fan in pleats krekt bûten Burchwert. It slachtoffer glide út en foel 12 meter nei ûnderen. De helptsjinsten kamen fuortendaliks yn aksje.

Der waard ek in traumahelikopter ynset, mar dat hie net hoegd. It slachtoffer is mei rêchletsel mei de sike-auto nei it sikehûs yn Snits brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)