Nij wurdboek: 200 bestellings

29 des 2008 - 12:15

Der is in soad belangstelling foar it nije Fryske hânwurdboek dat yn jannewaris ferskynt. By útjouwerij Afûk binne 200 eksimplaren besteld. Moandei is de lêste dei dat it boek mei koarting besteld wurde kin.

It nije wurdboek is folslein yn it Frysk. Oant no ta wiene der allinnich mar twatalige wurdboeken. It nije wurdboek komt út mei in cd-rom derby. Op 19 jannewaris sil it earste eksimplaar oanbean wurde oan minister Ronald Plasterk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)