Ekstra foarstellings Tryater
Tryater jout trije ekstra foarstellings fan it stik De Alvestêdetocht. Troch de grutte belangstelling yn de parse binne der de ôfrûne dagen in soad ekstra kaarten besteld. Op 4, 10 en 11 jannewaris sil it maratonstik derom nochris opfiert wurde.
De produksje is mei tolve oeren it langste stik dat Tryater ea spile hat.