Friezin om utens yn rally

29 des 2008 - 07:40

Friezin om utens Amarja Niehof sil meidwaan oan de 'Budapest to Bamako Rally 2009'. De âld-ynwenster fan Gytsjerk sil tegearre mei in studzjemaatsje ride. De rally start yn it Hongaarske Boedapest om dan fia ûnder oaren Eastenryk, Frankryk en Marokko yn Maly út te kommen. Sa moatte de froulju yn 15 dagen tiid goed 8500 kilometer ôflizze. Dat Niehof meidocht komt trochdat se in wedstryd fan Travel Chanel wûn hat. Se hat gjin ûnderfining mei rally-riden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)