Nijs no ek op rym

© Omrop Fryslân
It lanlike nijs is tenei ek op rym te folgjen. Sjoernalist Koos van der Goot fan Grypstsjerk hat derfoar de webside dichtjournaal.nl opsetten. De site is no in wike yn de loft en slacht aardich oan. Sa hat dichtjournaal.nl al in grut tal besikers dy't alle dagen weromkomme.
Van der Goot wol mei syn site minsken yn de kunde komme litte mei dichtsjen en tagelyk der foar soargje dat minsken it nijs mei krije.