Bernlef net lilk om aksje

28 des 2008 - 16:46

De Fryske studinteferiening Bernlef yn Grins is net lilk om de ludike aksje fan FC Grins supporters. Dy ferven de foargevel fan de soasjeteit De Pizel sneon grien-wyt.

Om't Bernlef ek graach ludike aksjes úthellet, kin de feriening de aksje fan de Grins-supporters wol wurdearje. Se sille der dan ek op sportive wize op reagearje. Undertusken is it gebou al wer foarsjoen fan de ferieningskleuren, mei wat terpentine en in pear rollen húskepapier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)