Elma de Vries twad op NK

Elma de Vries (foto: Martin de Jong)
Reedrydster Ireen_Wüst is foar de tredde kear op rige Nederlânsk kampioen allround wurden. Hja wûn de ôfslutende fiif kilometer yn in tiid fan 7.12,09.
Ploechgenoate Renate_Groenewold wie rapper, mar waard diskwalifisearre omdat hja op de krusing Wüst gjin foarrang joech. Elma_de_Vries is twadde wurden yn it algemien klassemint en is wis fan dielname oan it Europeesk kampioenskip.