Oanholden foar bedriging

© Omrop Fryslân
Yn de Boeierstrjitte yn Ljouwert hat de plysje yn de nacht fan sneon op snein in 47-jierrige man oanhâlden foar it bedriigjen fan syn 22-jierrige buorman. Neffens it slachtoffer hie de man him bedrige mei in bile.
De plysje hat de bile yn beslach naam en de lilke buorman meinaam nei it plysjeburo. In skeel earder dy jûn wie nei alle gedachten de oarsaak fan de bedriging.