Bidet pleatst by stadion Grins

28 des 2008 - 13:39
  • Om dit bidet giet it

Hearrenfean-supporters ha fannacht as protest in bidet pleatst foar it stadion fan FC Grins. Sy ha de wc-pot foar de Euroborg pleatst, omdat sy gjin sfearaksje hâlde meie.

Ferline jier wie der brân yn it Grins-stadion troch in aksje mei húskepapier dat yn de brân fleach. Dêrtroch binne der no strangere regels. Yn in brief litte de Hearrenfean-fans witte dat húskepapier yn de takomst hielendal net mear te sjen is yn Grins en dat se mei it bidet dochs pisje en skite kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)