Ynbraak yn skoalle Ljouwert

© Omrop Fryslân
Oan de Esdoornstrjitte yn Ljouwert is yn de nacht nei snein ynbrutsen yn in skoalle. Om 04.15 oere kaam de melding binnen by de plysje. Dy is fuortdaliks nei de skoalle tagongen. Yn de buert fan de skoalle is nei de ynbrekkers socht, ûnder oare mei plysjehûnen, mar der is net ien mear fûn.
Oan de achterkant fan de skoalle wie in rút fernield en binnen wie in ravaazje oanrjochte. Der binne ûnder oare kompjûters en kompjûterskermen stellen.