Referindum Frjentsjerteradiel

© Omrop Fryslân
It wurdt wer mooglik om in referindum te hâlden yn Frjentsjerteradiel. Twa jier lyn wie de mooglikheid skrast, omdat de lanlike wetjouwing doe feroare. Yn it riedsprogramma stie al wol dat der nije regels komme moasten.
Doel is dat in referindum aanst útskreaun wurde kin troch de gemeenteried of dat it oanfrege wurdt troch ynwenners fan de gemeente. Yn dat gefal moatte der op syn minst 200 hantekens sammele wurde. Op 8 jannewaris stimt de gemeenterie deroer.